titel
 
Swalker
Verzamel CD "Fryslân Muzyklân 3" , 2001
 
Muzyk: W. van Duin, K. Akkermans, G. Leguijt, W. Smits
Tekst: Hans Eisma
 
It reint dat it eazet en dit bushokje is lek
Wie de foarige te hastich of is de kommende te let
Ik moast in boadskip nei de stêd
Ik tocht om healwei sânen mei de bus is wol sa rêd
Mar hie ik alles witten wie ik lizzen bleaun op bêd

De earste trije bussen rieden my samar foarby
Dêr stie ik mei myn strippekaart sy wurkje dochs foar my
Oardel oere letter koe ik noch mei it spoar
in kaartsje keapje foel net ta mar ik krij it foar elkoar
Nei sechstich gûne boete bliek: in kaartsje dat net doocht

Ik reizgje mei myn strippenkaart fan Hantum nei Waldsein
Ik swalk fan Surch Nei Altoena, fan Triemen nei de Pein
It bushokje dat is myn thus, yn Tirns en Swartweisein
Op in dei dan stiestu der wachtsjend yn'e rein

Myn boadskip koe'k ferjitte want ik wie der fierste let
Ik reizgje no op hús oan mar ik wit net oft'k dat rêd
Fiere kimen skowen troch it rút
Dan wol ik wêze der't 'k net bin en stap ik nea wer út
Betiid as let der komt in dei dan nim ik dat beslút

Ik reizgje mei myn moannekaart fan Hantum nei Waldsein
Ik swalk fan Surch Nei Altoena, fan Triemen nei de Pein
It bushokje dat is myn thus, yn Tirns en Swartweisein
Eltse dei dan stiestu der wachtsjend yn'e rein

Ik ryd lans sted en doarp, en dan wurde wy wer keard
De brege giet wer iepen, it sein stiet noch op read
Mar wit dat stu der wachtest, ergens underweis
Meastal yt ik tsiis op bole, mar soms ek wol ris fleis ...

Ik reizgje mei myn moannekaart fan Hantum nei Waldsein
Ik swalk fan Surch Nei Altoena, fan Triemen nei de Pein
It bushokje dat is myn thus, yn Tirns en Swartweisein
Eltse dei dan stiestu der wachtsjend yn'e rein

Mei myn seniorekaart, fan Hantum nei Waldsein
Swalk fan Surch nei Altoena, fan Triemen nei de Pein
It bushokje dat is myn thus, yn Tirns en Swartweisein
Eltse dei dan stiestu der wachtsjend yn'e rein